Stamboom van de familie Sippe Holwerda

(feb 2016) Terug naar Mijn Stambomen


mst.

Met dank aan Sibbele Postma

Sippe Ottes, kistemakker 1650, wenjend te Holwert 1650.

Sippe is yn ûndertrou gien op woansdei 2 maart 1650 te Ljouwert foar`t

gerjocht (dtb 901), troud om ende by maaie 1650 foar de tsjerke mei

Hiltje Harings, wenjend te Ljouwert 1650.

Neffens de side fan Tresoar yn it trouregister fan it gerjocht fan

Ljouwert oantekene de ûndertrou fan Sippe Ottes fan Holwert en Hiltje

Harings fan Ljouwert op 2 maart 1650. Der wie byskreaun dat Sippe

kistemakker wie.

Neffens deselde side yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan

Ljouwert oantekene it ôfjaan fan attestaasje op 18 maaie 1650 foar Sippe

Ottes fan Holwert en Hiltje Harings fan Ljouwert.

 

út dit houlik:

Jan Syppes, doopt op tongersdei 15 juny 1662 te Ljouwert

(Herfoarme).

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente

fan Ljouwert oantekene it dopen fan Jan, bern fan Syppe Ottes en in

net neamde mem.

Fransiskus Syppes, doopt op snein 9 novimber 1664 te Ljouwert

(Herfoarme).

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente

fan Ljouwert oantekene it dopen fan Fransiskus, soan fan Syppe Ottes

en in net neamde mem.

Haring Sippes Holverda alias Harengh Sippes, Haringh Sippes en

Oudkerck (?), doopt op tongersdei 9 maaie 1669 te Ljouwert

(Herfoarme), folget ûnder II.

II Haring Sippes Holverda alias Harengh Sippes, Haringh Sippes en Oudkerck

(?), doopt op tongersdei 9 maaie 1669 te Ljouwert (Herfoarme), sersjant

1695/1696 en luitenant 1713, wenjend te Ljouwert 1713, soan fan Sippe

Ottes (I) en Hiltje Harings.

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan

Ljouwert oantekene it dopen fan Harengh, bern fan Sippe Ottes en in net

neamde mem.

 

Haring is wierskynlik yn ûndertrou gien op woansdei 21 desimber 1695 te

Ljouwert foar`t gerjocht (dtb 906), troud op tongersdei 5 jannewaris

1696 dêr (dtb 983) (Herfoarme), yn 'e âldens fan 26 jier (1) mei

Lijsbeth van der Horst, stoarn foar 1713.

Neffens de side fan Tresoar yn it trouregister fan it gerjocht fan

Ljouwert oantekene de ûndertrou fan Haringh Holverda en Lijsbeth van der

Horst op 21 desimber 1695. Der wie byskreaun dat Haring sersjant wie.

Neffens deselde side yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan

Ljouwert oantekene de befêstiging fan harren houlik mei krekt deselde

nammen op 5 jannewaris 1696.

Hat Haring ek efkes yn Aldtsjerk tahâlden? Hat er him efkes sa neame

litten en is Sipke Haringhs Oudkerck deselde as Sipke Harings Holverda /

Holwerda?

Foarearst dizze gok àl dien, alheel net wis fansels (!).

 

út dit houlik:

Hilleke Haringhs, doopt op tongersdei 9 jannewaris 1698 te Ljouwert

(Herfoarme).

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente

fan Ljouwert oantekene it dopen fan Hilleke, dochter fan Haringh

Sippes en in net neamde mem.

2 wierskynlik Sipke Harings Holwerda alias Sipke Haringhs, Sippe

Harings, Sippe Haarings, Oudkerck (?) en Holverda, doopt op snein 18

novimber 1703 te Ljouwert (Herfoarme), folget ûnder III.

Haring is wierskynlik yn ûndertrou gien op freed 11 augustus 1713 te

Ljouwert foar`t gerjocht (dtb 1713), troud op snein 3 septimber 1713 te

Marsum (dtb 516) (Herfoarme), yn 'e âldens fan 44 jier (2) mei Catharina

Pyters alias Catharijna Pieters, wenjend te Ljouwert 1713.

Neffens de side fan Tresoar yn it trouregister fan it gerjocht fan

Ljouwert oantekene de ûndertrou fan Haringh Holverda en Catharina Pyters

op 11 augustus 1713. Der wie byskreaun dat Haring luitenant wie.

Neffens deselde side yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan

Ljouwert oantekene it ôfjaan fan attestaasje nei Marsum oangeande dit

pear mei krekt deselde nammen op 28 augustus 1713.

Dan yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan Marsum oantekene de

befêstiging fan it houlik fan Haring Holverda en Catharijna Pieters,

beide fan Ljouwert op 3 septimber 1713.

III Sipke Harings Holwerda alias Sipke Haringhs, Sippe Harings, Sippe

Haarings, Oudkerck (?) en Holverda, doopt op snein 18 novimber 1703 te

Ljouwert (Herfoarme), wenjend te Ljouwert 1728/1730, begroeven op

woansdei 18 juny 1738, wierskynlik soan fan wierskynlik Haring Sippes

Holverda (II) en Lijsbeth van der Horst.

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan

Ljouwert oantekene it dopen fan Sipke, bern fan Haringh Oudkerck en in

net neamde mem.

Sipke is troud op snein 29 augustus 1728 te Ljouwert yn`e Galileër

tsjerke (dtb 989), yn 'e âldens fan 24 jier (1) mei Beeke Jans Bloemhoff

(24 jier âld), doopt op snein 13 july 1704 te Aldtsjerk (Herfoarme),

wenjend te Ljouwert 1728, stoarn foar 1730, dochter fan Jan Jansen

(gardenier 1701-1714) en Hiltje Jans.

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan

Aldtsjerk en Readtsjerk oantekene it dopen fan Beeke, bern fan Jan

Jansen, gardenier by de hear Van Sminia en in net neamde mem.

Neffens de side fan Tresoar yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan

Ljouwert oantekene de befêstiging fan it houlik fan Sipke Harings

Holwerda en Beeke Jans Bloemhoff, beide fan Ljouwert op 29 augustus 1728

yn`e Galileër tsjerke te Ljouwert.

 

De gok dien dat Sipke Haringhs Oudkerck deselde is as Sipke Harings

Holwerda, mooglike relaasjes fan Haring mei Aldtsjerk. Beeke komt dêr

fansels ek wei, en in dochter Lysbert passet ek kreas by Sipke syn

ferstoarne mem.

Beeke liket jong ferstoarn te wêzen, Sipke troud op`e nij en ferstjert

dan ek noch ridlik jong yn 1738.

út dit houlik:

1 Elisabeth Sippes Holwerda alias Elysabeth Sippes, Elisabet Sippes en

Holverda, doopt op woansdei 17 augustus 1729 te Ljouwert

(Herfoarme), folget ûnder IV-a.

Sipke is yn ûndertrou gien op sneon 22 april 1730 te Ljouwert foar`t

gerjocht (dtb 909), troud op snein 14 maaie 1730 te Oentsjerk c.a. (dtb

712) (Herfoarme), yn 'e âldens fan 26 jier (2) mei Hiltje Symons van der

Leth alias Hiltje Symens en Hiltje Simons, wenjend te Oentsjerk 1730.

Neffens de side fan Tresoar yn it trouregister fan it gerjocht fan

Ljouwert oantekene de ûndertrou fan Sipke Harings Holwerda fan Ljouwert

en Hiltje Symens fan Oentsjerk op 22 april 1730.

Neffens deselde side yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan

Ljouwert oantekene it op 8 maaie 1730 ôfjaan fan harren attestaasje,

soks mei krekt deselde nammen en wenplakken.

Dan yn it trouboek fan de Herfoarme gemeente fan Oentsjerk, Gytsjerk en

Wyns oantekene de befêstiging fan it houlik fan Sipke Harings fan

Ljouwert en Hiltje Simons van der Leth fan Oentsjerk op 14 maaie 1730 yn

de neamde gemeente.

Yn it begraafregister fan de gemeente Ljouwert oantekene it begraven fan

Sipke Holwerda op 18 juny 1738.

út dit houlik:

Haring Sippes, doopt op snein 21 oktober 1731 te Ljouwert

(Herfoarme), jong stoarn foar snein 22 febrewaris 1733.

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente

fan Ljouwert oantekene it dopen fan Haring, bern fan Sippe Haarings

en Hiltje Symons.

Haring Sippes Holwerda, doopt op snein 22 febrewaris 1733 te

Ljouwert (Herfoarme), folget ûnder IV-b.

Jetske Sippes, doopt op snein 8 jannewaris 1736 te Ljouwert

(Herfoarme).

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente

fan Ljouwert oantekene it dopen fan Jetske, bern fan Sippe Harings

en Hiltje Symens.

Sippe Sippes Holverda, doopt op woansdei 19 novimber 1738 te

Ljouwert (Herfoarme).

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente

fan Ljouwert oantekene it dopen fan Sippe, bern fan Sippe Harings

Holverda en Hiltje van der Leth.

IV-a Elisabeth Sippes Holwerda alias Elysabeth Sippes, Elisabet Sippes en

Holverda, doopt op woansdei 17 augustus 1729 te Ljouwert (Herfoarme),

dochter fan Sipke Harings Holwerda (III) en Beeke Jans Bloemhoff.

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan

Ljouwert oantekene it dopen fan Elysabeth, dochter fan Sippe Harings en

Beeke Jans.

Elisabeth wie troud mei Ernst Martens de Vries alias Ernst Martinus.

út dit houlik:

1 Martinus Ernstes de Vries, doopt op woansdei 24 novimber 1762 te

Ljouwert yn`e Jakobiner tsjerke (Herfoarme).

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente

fan Ljouwert oantekene it dopen fan Martinus, soan fan Ernst Martens

de Vries en Elisabeth Sippes Holverda yn`e Jakobiner tsjerke.

2 Beeke Ernstes de Vries, doopt op woansdei 25 febrewaris 1767 te

Ljouwert (Herfoarme), jong stoarn foar woansdei 21 juny 1769.

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente

fan Ljouwert oantekene it dopen fan Beeke, bern fan Ernst Martinus

de Vries en Elisabet Holwerda.

3 Beeke Ernstes de Vries, doopt op woansdei 21 juny 1769 te Ljouwert

(Herfoarme).

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente

fan Ljouwert oantekene it dopen fan Beeke, bern fan Ernst de Vries

en Elisabet Holwerda.

IV-b Haring Sippes Holwerda, doopt op snein 22 febrewaris 1733 te Ljouwert

(Herfoarme), soan fan Sipke Harings Holwerda (III) en Hiltje Symons van

der Leth.

 

Neffens de side fan Tresoar yn it doopboek fan de Herfoarme gemeente fan

Ljouwert oantekene it dopen fan Haring, bern fan Sippe Harings en Hiltje

Symons.

Haring wie wierskynlik troud mei Anna Elisabeth Gutling.

út dit houlik:

1 Gesina Judith Harings Holwerda, berne yn it jier 1760 te Groningen.

2 Sabina Henderika Harings Holwerda, berne yn it jier 1761 te

Groningen.

3 Hillegonda Harings Holwerda, berne yn it jier 1763 te Groningen.

4 Sipke Harings Holwerda, berne yn it jier 1764 te Ljouwert.

5 Hiltje Harings Holwerda, berne yn it jier 1766 te Ljouwert.

--------------------------------------------------------------------------------

Dit oersjoch waard makke op freed 21 septimber 2007 mei Haza-Data Plus 7.2f

troch: Sibbele Postma

 

 

 

Terug naar Mijn Stambomen